Messerschmitt Bf 110
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Messerschmitt Bf 110 (letter Me 110) wie in twa-motorige, hielendal fan metaal makke, lichte (jacht)bommesmiter (Zerstörer), yn tsjinst fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich.
Messerschmitt Bf 110 | |
---|---|
| |
Rol | (jacht)bommesmiter, swiere oanfalsjager, nachtjager |
Makker | Messerschmitt AG |
Earste flecht | 12 maaie 1936 |
Yn tsjinst | 1939 |
Ut tsjinst | 1945 |
Tal makke | 5.760 oant 6.170 [1]
(1939-1945) |
Grutste brûkers | Luftwaffe, Hongaarske Loftmacht, Regia Aeronautica (Itaalje), Roemeenske Loftmacht |
It ûntwerp wie it gefolch fan de fraach fan it Reichsluftfahrtministerium (RLM), oantrune fan Hermann Göring, om in nije jachtfleanmasine dy't yn ferskillende rollen brûkt wurde koe, in saneamde Kampfzerstörer. Op dat stuit wie de Bf 110 syn konkurrinten (Focke-Wulf Fw 187 en Henschel Hs 124) de baas.
It tastel hat de hiele kriich troch tsjinst dien, yn it lêstoan neist syn opfolgers, de Messerschmitt Me 210 en de Me 410.
De Bf 110 wie tige súksesfol yn de kampanjes tsjin Poalen, Noarwegen en Frankryk. Yn de Slach om Ingelân die bliken dat er fierstende swak wie foar de ienmotorige jagers oer dat syn oarspronklike taak (it beskermjen fan bommesmiters oer langere ôfstân) koe neat fan komme. De Bf 110 wie net manoevrearber genôch fergelike mei de Britske Spitfire en Hurricane. Dat kaam ûnder oaren troch it grutte gewicht fan de boardkanonnen yn de noas fan it tastel. Yn de Slach om Ingelân wie it faak sa dat men sa drok wie mei it elkoar te beskermjen dat fan it ferdigenjen fan de bommesmiters neat mear te lâne kaam.
It tastel waard doe, oan it Westlik front, ynset as nachtjager. Dat waard in súkses út reden fan it grutte fleanberik, deeglike konstruksje, fjoerkrêft en de romte foar in radarynstallaasje dy't it tastel biede koe. Beruchte azen út de Dútske Nagdjagd wienen ûnder oaren Heinz Wolfgang Schnaufer, Helmut Lent en Egmont Prinz zur Lippe Weissenfeld. Alle trije wienen tydlik stasjonearre op Fliegerhorst Ljouwert. Schnaufer slagge it om op íén dei 9 bommesmiters del te heljen (dêrfan 7 nachts).
Yn de WOII wienen der ek 40 Bf 110's stasjonearre op de Fliegerhorst Deelen yn it 3e Zerstörergeschwader.