Noarwegen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Noarwegen of Noarwei[4][5] is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Oslo. Noarwegen is in konstitúsjonele monargy mei as kening Harald V en mei as premier Jonas Gahr Støre. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Noarwegen in sterke histoaryske en kulturele bân, mar ek organisatoarysk is Noarwegen lid fan de Noardske Ried.
Kongeriket Norge (Bokmål) Kongeriket Noreg (Nynorsk) | |
Biedwurd: Alt for Norge "Alles foar Noarwegen" | |
Folksliet: Ja, vi elsker dette landet1 "Ja, wy hâlde fan dit lân" | |
Keninklik folksliet: Kongesangen | |
Haadstêd | Oslo |
Offisjele taal | Noarsk (Bokmål en Nynorsk) |
Erkende streektaal | Noard-Samysk |
Lule-Samysk | |
Súd-Samysk | |
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy |
- steatshaad | Kening Harald V |
- regearlieder | Jonas Gahr Støre (Ap) (2021–) |
Unôfhinklikheid | 1905 |
Oerflak | 385.207[1] km² |
- lân | 365.108 km² |
- wetter | 20.100 km² |
Ynwennertal | 5.550.203[2] (01-01-2024) |
Befolkingstichtens | 14,4 ynwenners/km² |
Muntienheid | Noarske kroan (NOK) |
Tiidsône | MET (UTC+1) |
- simmertiid | MEST (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 17 maaie |
Ynternetdomein | .no |
Telefoan | +47 |
ISO 3166 | NO, NOR, 578[3] |
1. "Ja, vi elsker dette landet" hat nea it steat fan offisjeel folksliet krigen. | |