Barentssee
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Barentssee (Noarsk: Barentshavet, Russysk: Баренцево море) is in part fan de Arktyske Oseaan, it leit noardlik fan Ruslân en Noarwegen. Beide lannen binne it net iens oer de lokaasje fan de seegrins.[1] De Barentssee hat in djipte fan trochstrings 230 meter, it djipste plak leit op 600 meter.
Barentssee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | n. fan Noarwegen en Jeropeesk-Ruslân | |
lân | Noarwegen Ruslân | |
koördinaten | 75° NB 40° EL | |
ûnderdiel fan | Noardlike Iissee | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.300 km | |
maks. breedte | 1.050 km | |
oerflak | 1.400.000 km² | |
djiptegemiddelde | 230 m | |
djipste punt | 600 m | |
wetterfolume | ±314.000 km³ | |
Kaart fan de Barentssee. |
De see wurdt omfieme troch Spitsbergen yn it noardwesten, de eilannen Franz Joseflân en Nova Sembla yn it noardeasten en easten, Ruslân yn it súdeasten en Noarwegen yn it súdwesten.
Yn de Midsiuwen waard de see wol de Moerman See neamd, de hjoeddeiske namme komt fan de Nederlânske seefarder Willem Barents. Barents wie lieder fan in iere ekspedysje nei it fiere noarden, oan de ein fan de 16e iuw.
De earste folsleine hichtekaart fan de boaiem fan de see waard publisearre yn 1933 troch seegeologe Maria Klenova.
Under de Barentssee lizze grutte mannichten fossile brânstoffen. Fan de jierren '70 fan de 20e iuw ôf is begûn mei de eksplotaasje dêrfan, sawol de Noaren as de Russen hawwe grutte ierdoaljefynsten dien yn de see. It earste oaljefjild dat no iepensteld wurdt is it Noarske Snøhvit. It Sjtokmanfjild yn de Russyske sektor is lykwols it grutste oaljefjild dat oant no ta fûn is.
Yn de Barentssee sonk op 12 augustus 2000 de atoomûnderseeër Koersk nei de boaiem. Alle 118 minsken dy't oan board wienen kamen om it libben.[2]
Troch de relatyf hege wettertemperatuer is de biomassaproduksje dúdlik heger as yn oare seeën op fergelykbere geografyske breedten. Yn de maitiid begjint de algenbloei mei de produksje fan fytoplankton, dêrop folget de soöplankton, dy’t op syn beurt wer ûnderdiel útmakket fan it dieet fan fisken, seefûgels en seesûchbisten.