Winteroarloch
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Winteroarloch of Winterkriich, ek wol de Sovjet-Finske Oarloch of de Russysk-Finske Oarloch, is in koarte oarloch tusken Finlân en de Sovjet-Uny dy’t útein sette op 30 novimber 1939 en einige op 13 maart 1940 mei de ûndertekening fan de Frede fan Moskou. As gefolch fan dy oarloch waard de Sovjet-Uny op 14 desimber 1939 út it Folkebûn setten.[1]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
By de ynfal hie Sovjetlieder Josef Stalin de ferwachting dat Finlân oan de ein fan it jier hielendal oermastere wie, mar de Finske wjerstân hat de Sovjets, dy’t de Finnen trije tsjin ien yn mannichten oertrof, tige ferrast. Finlân joech ûnder de Russyske oermacht gjin belies, en tekene it fredesferdrach (Frede fan Moskou) yn maart 1940. Dêrby ferlear Finlân 10% fan syn grûngebiet en 20% fan syn yndustry oan de Sovjets.
De oarloch hie ferskate gefolgen. It slagge it Reade Leger wol om troch de Finske ferdigening te brekken, mar dat wie mei hiele grutte ferliezen. Troch dy ferliezen rekke it oansjen fan de Sovjet-Uny ynternasjonaal swier skansearre. Dêrnjonken waard dúdlik dat it leger fan de Sovjet-Uny net sa sterk wie as dat earder tocht waard. Under oare dêrtroch hat Adolf Hitler letter besletten om Operaasje Barbarossa útein te setten. It Sovjetleger slagge net yn syn haaddoel fan de oarloch, it feroverjen fan Finlân. Mar in lyts part fan Finlân waard oermastere, de Finnen beholden harren selsstannigens en de sympaty foar it lân waakse ynternasjonaal oan.
De Winteroarloch wie in militêre ramp foar de Sovjet-Uny. Wol hat Stalin gebrûk makke fan de ôfrin fan de oarloch, troch it leger fan syn lân te herfoarmjen. Nei de oarloch beslute it Kremlin om nije offisieren oan te stellen en it Reade Leger te modernisearjen. Dy maatregels hawwe der ta laat dat de Sovjet-Uny de Dútsers letter in soad wjerstân biede koe by de ynfal fan Dútslân.