Trije-ienheidskleaster (Tsjernihiv)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Trije-ienheidskleaster (Oekraynsk: Троїцько-Іллінський монастир; Trjoitsko Illinskyj Monastyr) yn Tsjernihiv yn Oekraïne wie oant 2023 in otterdoks kleaster. It kleaster waard om 1069 hinne stifte troch de otterdokse hillige Antonyj Antonij Petsjerskyj, dy't foar de monastike delsetting op it plak grotten begûn út te dollen.
Trije-ienheid-Elía Kleaster | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Oblast Tjernihiv | |
plak | Tsjernihiv | |
koördinaten | 51° 28' N 31° 16' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | oant 2023: Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (oant 2022 ferbûn oan it patriargaat fan Moskou) | |
oprjochting | 1649 | |
opheffing | Sovjet-tiid, 2023 | |
weriepening | 1988 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1679-1695 (katedraal) | |
boustyl | Oekraynske barok | |
Webside | ||
Side fan de OOT oldchernihiv.com | ||
Kaart | ||
Yn 'e Sovjet-tiid waard it kleaster sletten en ûnteigene, mar sûnt 1988 fuksjonearre it wer as in religieus kompleks fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (OOT), dy't oant 2022 noch ûnder it Moskouse patriargaat foel. De kleastergebouwen binne steatseigendom en ûnderbrocht by it iepenloftmuseum Ald-Tsjernihiv. De OOT hierde de kleastergebouwen, mar lykas op mear plakken beëinigen de autoriteiten nei de Russyske ynfaazje yn 2022 de oerienkomsten mei de OOT oer it gebrûk fan tsjerken yn eigendom fan 'e steat.[1]
Yn 2023 waard de katedraal fan it kleaster sletten en yn 2024 waard de tagong fan it hiele kleaster ôfsletten.