St. Petersburg (Floarida)
From Wikipedia, the free encyclopedia
St. Petersburg (gauris ôfkoarte ta St. Pete of The Burg) is in stêd oan 'e westkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida, yn Pinellas County. It leit op in skiereilân mei oan 'e eastkant de Baai fan Tampa en oan 'e westkant de Golf fan Meksiko. Yn it noarden leit de lântonge dy't it mei it fêstelân fan Floarida ferbynt, wylst der oer de Baai fan Tampa hinne brêgen oanlein binne nei it eastliker sitewearre Tampa ta. Mei 245.000 ynwenners (neffens in offisjele skatting út 2011) is St. Petersburg de op trije nei grutste stêd fan 'e stêat (nei Jacksonville, Miami en Tampa), en fierders is it de grutste stêd yn Floarida dy't net it haadplak fan in county is. Nei Tampa is St. Petersburg ek de grutste stêd yn it gebiet om 'e Baai fan Tampa hinne; it makket diel út fan deselde stêdekloft dêr't ek Tampa ta heart, en dy't in befolking fan goed 2,8 miljoen minsken hat.
St. Petersburg | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Pinellas County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 244.997 (2011) | |
Oerflak | 356,4 km² (ynkl. wetter) 159,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.532 / km² | |
Stêdekloft | Tampa | |
Hichte | 13,4 m | |
Oar | ||
Stifting | 1888 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 27°46′23″N 82°38′24″W | |
Offisjele webside | ||
www.stpete.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan St. Petersburg yn Pinellas County en yn 'e steat Floarida. |