Tampa (Floarida)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tampa is in stêd yn 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida. It leit oan 'e westkant fan Floarida, mei de stedske agglomeraasje benammen tusken de Baai fan Tampa en de kust fan 'e Golf fan Meksiko ynklamme. Tampa is it haadplak fan it omlizzende Hillsborough County, en hie neffens in offisjele skatting út 2012 krapoan 350.000 ynwenners. Dêrmei is it de grutste stêd yn 'e stêdekloft dêr't ek plakken as Sint-Petersburch, Clearwater en Largo diel fan útmeitsje, en dy't yn totaal in befolking fan goed 2,8 miljoen minsken hat.
Fluch de feiten
Tampa | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Hillsborough County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 347.645 (2012) | |
Oerflak | 441,9 km² (ynkl. wetter) 290,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.146,7 / km² | |
Stêdekloft | 2.824.724 (2012) | |
Hichte | 14,6 m | |
Oar | ||
Stifting | 1824 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 27°56′50″N 82°27′31″W | |
Offisjele webside | ||
www.tampagov.net | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Tampa yn Hillsborough County en yn 'e steat Floarida. |
Slute