Slach by de Milvyske Brêge
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Slach by de Milvyske Brêge as Slach by de Pons Milvius, wie in fjildslach op 28 oktober 312 tusken de legers fan keizer Konstantyn de Grutte en Maksentius. De slach waard wûn troch Konstantyn en it is ien fan de meast ferneamde fjildslaggen út de Romeinske skiednis. Ferneamd is de útspraak fan Konstantyn dat hy de oerwinning oan de God fan de Kristenen te tanken hie.