Skiermûntseagersk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Skiermûntseagersk (Skiermûntseagersk: Schiermonnikeigers of Schiermonnikoogs, ek wol Eilanders) is it Fryske dialekt fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skiermûntseach. Dizze fariant fan it Frysk is net nau besibbe oan 'e dialekten fan it fêstelân, en likemin oan 'e oare Fryske eilândialekten, dy't op Skylge sprutsen wurde. It hat tige argayske grammatikale foarmen beholden, lykas in systeem fan grammatikale ferbûging (grammatika)ferbûgings fan eigenskipswurden, en om't it dêrtroch ynteressant is foar taalkundigen, is it ien fan 'e bêst fêstleine dialekten fan Nederlân. Lykwols wurdt it noch mar troch in lyts groepke lju sprutsen, en liket it stadichoan út te stjerren. Yn 2018 begûn in groepke taalhobbyisten op 'e fêste wâl it dialekt mei-inoar te praten.[1]
Skiermûntseagersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Skiermuontseagersk | |
eigen namme | Schiermonnikeigers, Schier- monnikoogs, Eilanders | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 120 (2001) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Skiermûntseagersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal | Nederlân: ● Fryslân (as streektaal?) |