Roddy Doyle
From Wikipedia, the free encyclopedia
Roddy Doyle (Dublin, 8 maaie 1958) is in Iersk skriuwer. Syn boeken geane oer de arbeidzjende klasse yn Dublin en binne loftich mar hawwe in serieuze ûndertoan.
Doyle waard grutbrocht yn Kilbarrack, Dublin. Syn mem Ita Bolger Doyle, is een nicht fan de koartferhaleskriuwer Maeve Brennan.[1] Hy wennet yn Killiney.[2] Hy die in keunsstúdzje oan de Universiteit fan Dublin en helle in Bachelor of Arts-graad. Foardat er foltiidskriuwer waard yn 1993, wie er learaar Ingelsk en ierdrykskunde oan de Greendale Community School yn Kilbarrack, Noard-Dublin. Yn dy tiid wie ien fan syn learlingen de toanielskriuwster Enda Walsh.[3]
Jannewaris 2009 koe it troch Doyle stifte sintrum foar kreatyf skriuwen, "Fighting Words", yn Dublin de doarren iepenje. It idee foar it projekt krige er nei in besite oan syn freon Dave Eggers syn 826 Valencia project yn San Fransisko. 'Fighting Words' meie studinten fan alle leeftiden hinne, en de lessen binne fergees.[4]