Republyk Artsach
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Republyk Artsach (Armeensk: Արցախի Հանրապետություն, Artsakhi Hanrapetût'jûn), tusken 1991 en 2017 Republyk Nagorno-Karabach (Armeensk: Լեռնային Ղարաբաղի Հանրապետություն, Lernajin Gharabaghi Hanrapetût'jûn), wie feitlik in ûnôfhinklike Armeenske republyk yn 'e súdlike Kaukasus fan Euraazje. De republyk waard útroppen nei de positive útslach fan in referindum oer de ûnôfhinklikens fan it gebiet en waard net erkend troch de ynternasjonale mienskip. Artsach kontrolearre it grutste part fan 'e doedestiidske oblast Nagorno-Karabach. Haadstêd wie Stepanakert. De republyk dielde grinzen mei Armeenje yn it westen, Iran yn it suden en Azerbeidzjan yn it noarden en easten.
Republyk Artsach Արցախի Հանրապետություն Artsachi Hanrapetût'jûn (1991-2024) | |
Folksliet: Ազատ ու Անկախ Արցախ (Frij en Unôfhinklik Artsach) | |
Haadstêd | Stepanakert |
Offisjele taal | Armeensk |
Steatsfoarm | Parlemintêre republyk |
- presidint | Bako Sahakjan |
Unôfhinklikheid | 1991-2024 |
Oerflak | 11.430 km² |
Ynwennertal | 150.932 (2015) |
Muntienheid | Dram (AMD) |
Tiidsône | (UTC+4) |
Nasjonale feestdei | 2 septimber (ûnôfhinklikheidsdei) |
Ynternetdomein | .am, .հայ |
Telefoan | +374 47 |
Nei't Azerbeidzjan yn 2022 de enklave mei in blokkade ôfslette fan 'e rest fan 'e wrâld, ûnstiene der grutte tekoarten oan iten en medikaminten yn 'e republyk. Op 19 septimber 2023 sette Azerbeidzjan mei in rige bombardeminten op de enklave útein. De oare deis waard bekend dat teminsten 200 minsken troch de Azerbeidzjaanske oanfal omkamen en 400 minsken ferwûne rekken. Der waard al gau kapitulearre en de Azerbeidzjaanske president Alijev rôp de oerwinning út.[1]
Mei de Azerbeidzjaanske oerwinning sette fanwegen de eangst foar in etnyske suvering in grutte flecht fan 'e kristlike ynwenners fan 'e republyk útein.[2]
Op 28 septimber 2023 makken de autoriteiten fan Artsach bekend dat de ynternasjonaal net erkende republyk mei yngong fan 1 jannewaris 2024 opheft wurde sil.[3] Doe wie al de helte fan 'e befolking op 'e flecht slein nei Armeenje. Yn 'e dagen dy't folgen ferlieten noch mear minsken de republyk en op 30 septimber hie al mear as 80% fan 'e totale befolking it gebiet ferlitten.[4] Ek binne der grutte soargen oer it lot fan it kristlike erfgoed fan de republyk, lykas de kleasters en tsjerken.[5]