Piperfûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De piperfûgels (wittenskiplike namme: Motacillidae), ek wol bekend as de wipsturt- en piperfûgels of de wipsturten en pipers, foarmje in famylje fan sjongfûgels yn de boppefamylje fan de moskfûgels (Passeroidea) yn it skift fan moskeftigen (Passeriformes). Ta de famylje hearre de boumantsjes, langklauwen en pipers.
Fluch de feiten
Piperfûgels | ||
boumantsje (Motacilla alba) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
famylje: | piperfûgels (Motacillidae) | |
Horsfield, 1821 | ||
Slute
De famylje telt de neikommende fiif skaaien:
- Skaai: beamwipsturten (Dendronanthus), 1 soarte
- Skaai: boumantsjes (Motacilla), 12-18 soarten
- Skaai: goudpipers (Tmetothylacus), 1 soarte
- Skaai: langklauwen (Macronyx), 7 soarten
- Skaai: pipers (Anthus), 42 soarten
De beide skaaien beamwipsturten en boumantsjes wurde mei-inoar ek wol as wipsturten oantsjut. Lyksa wurde de skaaien goudpipers, langklauwen en pipers mei-inoar ek wol as pipers oantsjut.