Boumantsjes
From Wikipedia, the free encyclopedia
De boumantsjes of wipsturten binne slanke fûgeltjses mei in lange sturt, dy 't se fluch op en del bewege, fandêr ien fan harren namme: 'wipsturt'.
Fluch de feiten
Boumantsjes | ||
Giel boumantsje (Motacilla flava) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
famylje: | piperfûgels (Motacillidae) | |
skaai: | boumantsjes (Motacilla) | |
Linnaeus, 1758 | ||
Slute
De fûgels foarmje in skaai, Motacilla, yn de famylje fan de fûgels (Motacillidae). De beamwipsturt (ek beamboumantsje neamd) is yn in oar skaai (Dendronanthus) yndield.
De boumantsjes fan it skaai Motacilla omfetsje op syn minst 14 soarten. De twa belangrykste soarten, it (wyt) boumantsje (Motacilla alba) en it giel boumantsje (Motacilla flava), hawwe in grut oantal ûndersoarten; in diel dêrfan hat neffens sommige wittenskippers de status fan soarte, bygelyks it swart boumantsje (Motacilla (alba) yarrellii).