Myles Keogh (militêr)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Myles Keogh (folút: Myles Walter Keogh, útspr.: [ma:i̭lz 'wɔltəɹ kjoʊ], likernôch: "maailz û-òl-tr kjoo"; Leighlinbridge (Ierlân), 25 maart 1840 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Iersk-Amerikaansk militêr en hierling dy't focht yn 'e Pauslike Oarloch fan 1860, de Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Under de Boargeroarloch wied er as kavalery-ofsier oan kop en earen ta behelle yn 'e krúsjale Slach by Gettysburg. Letter tsjinne er yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder it kommando fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dêr't er yn 1876 omkaam yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn tsjin in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Myles Keogh | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Myles Walter Keogh | |
nasjonaliteit | Britsk Amerikaansk | |
berne | 25 maart 1840 | |
berteplak | Leighlinbridge (Ierlân) | |
stoarn | 25 juny 1876 | |
stjerplak | oan 'e Little Bighorn (Montana) | |
etnisiteit | Iersk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1860 – 1876 | |
yn tsjinst fan | Pauslike Steat (1860-1862) Feriene Steaten (1862-1876) | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Pauslike Leger (1860-62) ● Am. Leger (1862-76) | |
heechste rang | luitenant-kolonel (1865-66) | |
befel | I Komp./Am. 7e Kav.reg. | |
konflikt(en) | Ekspedysje fan de Tûzen Amerikaanske Boargeroarloch Komantsjekampanje Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Slach by Castelfidardo Twadde Slach by Bull Run Slach by Antietam Slach by Brandy Station Slach by Gettysburg Slach oan de Little Bighorn |