George Armstrong Custer
From Wikipedia, the free encyclopedia
George Armstrong Custer (New Rumley (Ohio), 5 desimber 1839 – oan 'e rivier de Little Bighorn, deunby Crow Agency (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Flakte-Yndiaanske oarloggen namme makke as kavalerykommandant. Under de Boargeroarloch focht er foar it Noarden en wied er behelle yn ferskate wichtige fjildslaggen, wêrûnder de Earste Slach by Bull Run, de Slach by Antietam en de Slach by Gettysburg. Hy berikte de rang fan generaal-majoar, mar waard nei de oarloch fanwegen in oerskot oan ofsieren yn rang weromset ta luitenant-kolonel. Nettsjinsteande syn drystens hie Custer tsjin dy tiid in ridlik solide militêre reputaasje opboud. Dy ferspile er lykwols neitiid troch de slachting dy't er yn 1868 ûnder de Súdlike Sjajinnen oanrjochte by it Bloedbad fan de Washita, en mear noch troch syn desastreuze rol yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't er it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de ûndergong late yn 'e Slach oan de Little Bighorn, dêr't er sels ek by omkaam.
George Armstrong Custer | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | George Armstrong Custer | |
bynamme | Langhier (Longhair) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 5 desimber 1839 | |
berteplak | New Rumley (Ohio) | |
stoarn | 25 juny 1876 | |
stjerplak | oan 'e Little Bighorn (Montana) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk Skotsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1876 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | generaal-majoar (1865) | |
befel | Michigan Brigade Am. 3e Kavalerydifizyzje Am. 2e Kavalerydifyzje Am. 7e Kavaleryrezjimint | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Komantsjekampanje Yellowstone-ekspedysje Ekspedysje nei de Black Hills Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Earste Slach by Bull Run Slach by Antietam Slach by Gettysburg Slach yn de Wyldernis Slach by Yellow Tavern Bloedbad oan de Washita Slach by Honsinger Bluff Slach oan de Little Bighorn |