Montevideo
From Wikipedia, the free encyclopedia
Montevideo is de haadstêd fan Oerûguay. De stêd leit op de noardouwer fan it estuarium fan de Río de la Plata, dy't op dat plak 200 kilometer breed is (justjes besuden Buenos Aires, Argentynje). It oantal ynwenners berint sa'n 1,3 miljoen, benei de helte fan de totale befolking (3,3 miljoen ynw, 2004) fan it lân. De hiele metropoal (mei de departeminten Canelones en dielen fan San José) hat sa'n 1,8 miljoen ynwenners. Yn Oerûguay wurde kontreien dy't bûten dat gebiet lizze oantsjut as interior, 'binnenlân'.
Montevideo | ||
Polityk | ||
Lân | Oerûguay | |
Departemint | Montevideo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.336.878 (2010) | |
Oerflak | 209 km² | |
Befolkingsticht. | 2.546 / km² (206) | |
Stêdekloft | 1.800.000 op 1350 km² | |
Hichte | 43 m | |
Oar | ||
Stifting | 1726 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Montevideo |
Montevideo waard stifte yn 1726 troch Bruno Mauricio de Zabal', as in strategyske set yn it Spaansk-Portegeesk skeel oer de Rio Plata-regio en as tsjinhinger fan de Portegeeske koloanje by Colonia del Sacramento.
De stêd hat yn 1807 in skoftke ûnder Britsk bewâld stien en wie belutsen by de earste grutte seeslach yn de Twadde Wrâldkriich: de Slach fan de Rio Plata. It is ek it plak dêr't de Montevideo-konvinsje yn 1933 tekene waard, troch njoggentjin Amerikaanske naasjes. Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo.
Montevideo is it ekonomyske sintrum fan it lân. De stêd leit oan in baai, dy't in natuerlike haven foarmet, en op de haadrûte fan weitransport fan Buenos Aires nei Porto Alegre yn Brazylje. De stêd hat it haadkantoar fan de Mercosur en de Asociación Latinoamericana de Integración. Montevideo hat in ryk kultuereel (û.o. de tango en kandombe) en arsjitektoanysk erfgoed.
It libbensnivo yn Montevideo is heech, it heechste fan Latynsk-Amearika[1] en beheart ta de 30 meast feilige stêden fan de wrâld[2].