Mangel (nút)
Nút / From Wikipedia, the free encyclopedia
De mangel is it sied fan de mangelbeam (Prunus dulcis). Mangels wurde yn augustus fan de beam helle. De bûtenkant fan de 'pit' fan dizze stienfrucht wurdt kreake; it flues wurdt der ôf helle troch de amandel koart te blancheren. De mangel is selsbestowend, mar kwekers yn Californië sette op grutte skeal bijen yn foar de bestowing.
Mear as 80 % fan de mangels komt út California. Spanje hat ek in grutte produksje fan swiete mangels; benammen de Jordan- en Valencia-mangels komme dêrfandinne. Mangels wurde ferwurke yn fiedingsmiddels en kosmetika.
Mangels befetsje sa'n 90% net-fersêde fetsoeren en in soad fitamine E.[1] Bittere mangels befetsje dêrneist syanogene glykosiden (benammen amygdaline), wêrút it fergiftige blausoer (wetterstofsyanide) frijmakke wurde kin. Hoe bitterder at se smeitsje, nammerste fergiftiger se binne.