Johan de Witt
From Wikipedia, the free encyclopedia
Johan de Witt, hear fan Súd- en Noard-Linschoten, Snelrewaard, Hekendorp en IJsselveere[1] (Dordrecht, 24 septimber 1625 – Den Haach, 20 augustus 1672) stamde út it Noard-Nederlânske regintegelaach De Witt en wie riedpensjonaris fan Hollân en dêrmei de wichtichste Nederlânske steatsman fan syn tiid.
As gefolch fan de Frânsk-Nederlânske Oarloch (ek wol Hollânske Oarloch) wie folksrebûlje útbrutsen en de bruorren De Witt (Johan en Cornelis, soannen fan Jacob en neven fan Andries de Witt) waarden yn it 'Rampjier' 1672 troch in poerlilke kloft minsken lyncht yn De Haach.