In Poppehûs
From Wikipedia, the free encyclopedia
In Poppehûs, yn it oarspronklike Noarsk: Et Dukkehjem, is in toanielstik yn trije bedriuwen fan 'e hân fan 'e grutte Noarske toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur Henrik Ibsen (1828-1906). It ferhellet oer de húsfrou Nora Helmer, dy't harsels fuortsiferet foar har man, mar troch him as in bern behannele wurdt, en úteinlik beslút om by gesin wei te gean en in eigen libben op te bouwen. Mei Et Dukkehjem stelde Ibsen him fjouwerkant op oan 'e kant fan 'e frou yn 'e njoggentjinde-iuwske maatskippij, en it stik wie yn syn tiid dan ek tige by tige kontroversjeel. Yn in taspraak foar de Noarske Feriening foar Frouljusrjochten, yn 1898, sei Ibsen lykwols dat "ik my de eare ûntsizze moat om my bewust foar de frouljusrjochtebeweging ynset te hawwen", mei't er skreaun hie "sûnder lykfol hokker bewuste tins oan it meitsjen fan propaganda", mar ynstee wurke hie oan "de omskriuwing fan minsklikheid." Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw en nochris yn 2006 wie Et Dukkehjem it meast opfierde toanielstik fan 'e wrâld. It waard skreaun yn 1879, en datselde jiers noch foar it earst opfierd yn it Keninklik Teäter yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. De earste Fryske oersetting, fan Ale Kerkhof, ferskynde yn 1928.
In Poppehûs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Et Dukkehjem | |
auteur | Henrik Ibsen | |
taal | Noarsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1879 | |
1e opfiering | 1879, Kopenhagen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Poppehûs | |
publikaasje | 1928, yn De Holder 1956, Grou | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Ale Kerkhof |