De Ibearyske lynks (Latynske namme: Lynx pardinus), ek wol de Spaanske lynks of de pardellynks neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx), dat lânseigen is op it Ibearysk Skiereilân. Dit is de seldsumste fan 'e fjouwer lynksesoarten, mei it lytste ferspriedingsgebiet. De Ibearyske lynks waard foarhinne as in ûndersoarte fan 'e Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) beskôge, mar is no erkend as in aparte soarte. It is in bist dat him spesjalisearre hat yn 'e jacht op kninen, en grutte muoite hat om syn dieet oan te passen. Troch twa sykten dy't de kninestân yn Spanje desimearre hawwe, mei dêropta ferlies fan habitat fanwegen ferkringing troch de minske, is de Ibearyske lynks sadwaande sûnt de 1950-er jierren sterk yn 'e nederklits rekke, mei as gefolch dat syn tastân no as krityk beskôge wurdt.