Coenraad Jacob Temminck
From Wikipedia, the free encyclopedia
Coenraad Jacob Temminck (Amsterdam, 31 maart 1778 – Leien, 30 jannewaris 1858) wie in Nederlânsk biolooch, publisist en museumdirekteur. Hy kaam út in tige begoedige fermidden en beskreau in grut tal bistesoarten dy't doedestiden nij wiene foar de Westerske wittenskip. Sawol ûnder de Frânske Tiid as yn it nije Keninkryk fan 'e Nederlannen beklaaide er foaroansteande posysjes en mocht er him ta de wittenskiplike elite rekkenje. Fan 1820 oant syn ferstjerren wied er de earste direkteur fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien.
Fluch de feiten
Coenraad Jacob Temminck | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Coenraad Jacob Temminck | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 31 maart 1778 | |
berteplak | Amsterdam (Hollân) | |
stoarn | 30 jannewaris 1858 | |
stjerplak | Leien (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch, museumdirekteur | |
aktyf as | mammalooch, ornitolooch, konservator | |
jierren aktyf | 1800 – 1858 | |
bekendste wurk(en) | Manuel d'Ornithologie |
Slute