Himelfeartsdei
Kristlike feestdei / From Wikipedia, the free encyclopedia
Himelfeartsdei is in kristlike hjeldei. Op dy dei betinkt it kristendom it lichaamlike opfarren fan Jezus Kristus nei de himel. It is ien fan de hjeldagen fan de kristlike tsjerken oeral yn de wrâld, njonken de Passy, Peaske, Pinkster en Kryst. Himelfeartsdei wurdt tradisjoneel fjirtich dagen nei syn Opstanning fierd, wylst yn guon lannen de fiering dêrfan opskood is nei de folgjende snein.
- Dizze side giet oer de kristlike hjeldei. Foar It foarfal yn it Nije Testamint, sjoch: Himelfeart fan Jezus.
Yn guon lannen, lykas Belgje, Denemark, Dútslân, Eastenryk, Fanûatû, Finlân, Frankryk, Haïty, Yndoneezje, Yslân, Kolombia, Lychtenstein, Lúksemboarch, Madagaskar, Namybje, Nederlân, Noarwegen, Sweden en Switserlân, is it ek in offisjele feestdei.