Heinkel He 111
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Heinkel He 111 wie in bommesmiter dy't troch de Dútske Luftwaffe yn de Spaanske boargeroarloch en de Twadde Wrâldkriich ynset waard en oan alle fronten tsjinst die. It wie de rêchbonke fan de Dútske bommesmiterfloat. It prototype fleach foar it earst yn febrewaris 1935.
Heinke He 111 | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Heinkel-Flugzeugwerke |
Untwerper | Siegfried en Walter Günter |
Earste flecht | 24 febrewaris 1935 |
Yn tsjinst | 1935 |
Ut tsjinst | 1945 (Luftwaffe), 1958 (Spanje) |
Tal makke | 7.603 fan 1936 oant 1944 (as CASA 2.111 oant 1956 yn Spanje) |
Grutste brûker | Luftwaffe, |
Farianten | V1, V2, V3, 111A-0, 111B, 111F, 111P, 111H, 111Z, 2.111, |
De He 111 waard ek brûkt as transportfleanmasine en as sleepfleanmasine foar sweeffleanmasinen. Hoewol't it tastel tsjin de ein fan WOII slim ferâldere wie, moast it tsjinst dwaan bliuwe fanwege swierrichheden by de ûntwikkeling fan syn opfolger, de Heinkel He 177. It wie útrisd nei it navigaasjesysteem Knickebein.
Yn de Slach om Ingelân die bliken hoe kwetsber it tastel wie mei de Hawker Hurricane en de Supermarine Spitfire fan de RAF as tsjinstanner. Yn 1940 die it tastel mei oan de bombardeminten op Ingelske stêden sa as Coventry. Yn 1941 wie de RAF technysk safier dat ek har nachtjagers (Bristol Beaufighter) de Heinkel 111 delhelje koenen.
De Heinkel tsjinne teffens as lansearynrjochting foar de V-1 (fleanende bom). De meast nuveraardige ferzje wie faaks de Heinkel He 111Z dy't twa rompen oan ien wjuk hie en in fyfde motor yn de midden. Dit type wie bedoeld om de reuzesweeffleanmasine, de Messerschmitt Me 321 te slepen.
De Heinkel He 111 bleau oant 1965 by de Spaanske loftmacht yn gebrûk. De Heinkel He 111 waard ek oankocht troch Bulgarije, Sjina, Hongarije, Roemeenje en Slowakije