Bristol Beaufighter
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bristol Beaufighter (de Beau) wie in Britske lange-ôfstâns jachtbommesmiter en multifunksjonele oanfalsfleanmasine, dy't yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waard troch de RAF, de Kandeeske loftmacht en de Australyske loftmacht. It tastel waard ûntwurpen en makke troch fleanmasinefabrikant Bristol.
It ûnwerp fan de Beaufighter waard ôflaat fan Bristol syn eardere Beaufort torpedo-bommesmiter.
Bristol Beaufighter | |
---|---|
Rol | Jachtbommesmiter, nachtjager |
Makker | Bristol |
Untwerper | |
Earste flecht | 17 july 1939 |
Yn tsjinst | 27 july 1940 |
Ut tsjinst | 1960 (Austraalje) |
Tal makke | 5.928 (1940-1946) |
Grutste brûkers | RAF, RCAF, RAAF |
Oars as de Beaufort hie de Beaufighter in lange karriêre en tsjinne er op hast alle fronten yn de Twadde Wrâldkriich; earst as nachtjager (oant de Mosquito kaam), dêrnei as jachtbommesmiter en letter as torpedobommesmiter, ferfanger fan de Beaufort. Yn Austraalje waard in fariant boud troch it Department of Aircraft Production (DAP) dy't dêr oantsjut waard mei DAP Beaufighter.