Haukfûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De haukfûgels (Accipitridae) binne in famylje yn it skift fan de rôffûgels of haukeftigen (Accipitriformes). De famylje omfet alle fûgels út it skift, útsein de sân gieren fan de Nije Wrâld (Cathartidae), de siktarisfûgel (Sagittariidae) en de twa fiskearnfûgels (Pandionidae).
Fluch de feiten
Haukfûgels | ||
reade glee (Milvus milvus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | rôffûgels (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
Veillot, 1816 | ||
Slute
De fûgels yn dizze famylje hawwe heakbekken en kinne ornaris op de kop de fearren oerein sette. Oars as by de measte oare fûgelfamyljes is it wyfke ornaris grutter as it mantsje.