Halûndersk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Halûndersk, ynlânske namme Halunder, is it Noard-Fryske dialekt fan it eilân Helgolân.
Helgolân wie fierût it earste eilân dat yn de tiid fan de Fryske ekspânsje yn de Midsiuwen kolonisearre waard - it tsjintwurdige Noard-Fryslân kaam earst letter. It dialekt fan Helgolân stiet, netstjinsteande it grutte isolemint wêryn de eilanners ferkeare, relatyf ticht by de dialekten fan Föhr, Amrum en Sylt - it Fering, Öömrang resp. Söl'ring - dy't meiïnoar it Eilân-Noard-Frysk foarmje. Opfallend yn ferhâlding mei de oare Noard-Fryske dialekten is it behâld fan de ûtgangen -e en -en.
It Halûndersk wurdt noch troch 500 fan de 1500 bewenners sprutsen.[1] Hja kinne oan de pleatslike folkshegeskoalle kursussen Halûndersk folgje. Bûtendat wurdt it op skoalle oan de bern jûn.