Grutte Slink
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grutte Slink (Ingelsk: Great Rift Valley; Swahily: Bonde la Ufa), ek wol bekend as de Grutte Riftdelling of de Grutte Riftfallei, is in riftdelling, in soarte fan kleau yn 'e foarm fan in langrutsen stelsel fan slinken, dat fan Mozambyk yn Súdlik Afrika oant yn Syrje yn it Midden-Easten rint oer in totale lingte fan omtrint 7.000 km. Ferskate grutte marren en binnenseeën meitsje diel út 'e Grutte Slink, en datselde jildt foar de Reade See en de Golf fan Aden, dy't râneseeen fan 'e Yndyske Oseaan binne. De termen "Grutte Riftdelling" en "Grutte Slink" wurdt tsjintwurdich yn geologysk-wittenskiplike teksten net mear brûkt as oantsjutting foar dizze lânfoarm, om't se as ûnsekuer beskôge wurde. Geologysk sjoen giet it nammentlik om in groep besibbe mar aparte riftdellings en tektoanyske brekken.