Golf fan Aden
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golf van Aden (Arabysk: خليج عدن, útspraak: Khalyj 'Adan) is in part fan de Yndyske Oseaan en leit tusken it Arabyske Jemen oan de noardside en de Afrikaanske lannen Dzjibûty en Somaalje oan de súdside.
Fluch de feiten
Golf fan Aden | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken it Arabysk Skiereilân en de Hoarn fan Afrika | |
lân | Dzjibûty Jemen Somaalje Somalylân (net erkend) | |
koördinaten | 12° N, 48° E | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.480 km | |
maks. breedte | 480 km | |
oerflak | 410.000 km² | |
djiptegemiddelde | 500 m | |
djipste punt | 2.700 m |
Slute
It is in wichtich trochfiergebiet om't sy yn de rin leit fan de Reade See en it Suezkanaal. It foarmet de ferbining tusken dizze twa en de Yndyske Oseaan.
Wichtige havenstêden oan de Golf binne de lyknammige stêd Dzjibûty yn Dzjibûty, Bosaso en Berbera yn Somaalje, en Aden yn Jemen. Oan Aden tankt de see har namme.
Piraterij komt in protte foar yn de Golf en hat te krijen trochdat guon fan de kustlannen net stabyl binne. Ek terroristyske oanfallen, bygelyks troch fûnemintalityske moslims hawwe hjir foarfallen.