Grutte Omgongen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yn it hurdfytsen op de dyk binne der trije grutte wedstriden. Dat binne de Omgong fan Frankryk, offisjeel Tour de France, de Omgong fan Itaalje, offisjeel Giro d'Italia, en de Omgong fan Spanje, offisjeel La Vuelta. Mei-inoar wurde se de Grutte Omgongen neamd, en alle trije wedstriden binne te ferlykjen yn formaat, nammentlik trije wiken mei deistige etappen. Se hawwe in spesjale status yn de UCI-regleminten: der wurde mear punten foar de UCI World Tour ferdield yn grutte omgongen as yn oare wedstriden, [1] en it binne de iennige etappe koersen dy't langer as 14 dagen duorje meie.
De Omgong fan Itaalje wurdt trochstrings yn 'e maitiid riden, de Omgong fan Frankryk yn 'e simmer en de Omgong fan Spanje yn 'e hjerst. De Vuelta waard oarspronklik ek ferriden yn de maitiid, meastentiids ein april, mei in pear edysjes yn juny yn de jierren 40. Yn 1995 waard de Omgong fan Spanje lykwols ferpleatst nei septimber om direkte konkurrinsje mei de Omgong fan Itaalje te mijen. De Omgong fan Frankryk is de âldste en meast prestisjeuze fan alle trije.