Grumman F6F Hellcat
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grumman F6F Hellcat wie in Amerikaanske jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. It tastel opererearre fan fleandekskippen ôf. It wie de opfolger fan de Grumman F4F Wildcat.
Grumman F6F Hellcat | |
---|---|
Rol | Jachtfleantúch |
Makker | Grumman |
Earste flecht | 26 juny 142 |
Yn tsjinst | Jannewaris 1943 |
Ut tsjinst | 1960 Marine fan Urûguay[1] |
Tal makke | 12.275 (1942-1945) |
Brûkers | United States Navy, United States Marine Corps Royal Navy Frânske Marine |
Priis | $35.000 yn 1945[2] |
Hoewol't de Hellcat op syn foargonger like, wie it in nij ûntwerp, mei in sterkere motor. Yn it ûntwerp waard rekken holden mei de gefjochtsûnderfining tsjin de Japanske Zero. Tegearre mei de F4U Corsair wie de Hellcat de wichtichste jager fan de Amerikaanske Marine yn de twadde helte fan de oarloch.
De Hellcat waard it meast súsesfolle marinefleantúch, mei in totaal fan 5.163 oerwinningen (kills) op fijanlike tastellen (56% fan alle U.S. Navy/Marine oerwinningen yn de loft yn de oarloch). Dêrby giene 270 Hellcats ferlern.
Hy wie yn tsjinst fan de Amerikaanske Marine, Mariniers en de Britske Royal Navy. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it tastel stadichoan ferfongen, mar de lêste Amerikaanske Hellcats diene tsjinst oant 1954 as nachtjager.