George Crook
From Wikipedia, the free encyclopedia
George Crook (folút: George R. Crook (de R. wie syn eigen betinksel en stie nearne foar); Taylorsville (Ohio), 8 septimber 1828 – Chicago, 21 maart 1890) wie in Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch focht en teffens yn ferskate oarloggen tsjin 'e Yndianen, wêrûnder de Sjosjoanske Oarloch, de Javapai-Oarloggen, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Oarloch fan Geronimo. Hy fierde it befel oer de Amerikaanske troepen yn û.m. de Slach oan de Rosebud en de Slach by Slim Buttes. De Yndianen seagen him as in weardige fijân, waans wurd men fan op oan koe. Yn 'e 1880-er jierren joegen de Apachen him de bynamme Nantan Lupan, wat "Grize Wolf" betsjut. Yn syn lêste jierren ûntjoech Crook him ta in aktivist foar Yndiaanske rjochten.
George Crook | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | George R. Crook | |
bynamme | Nantan Lupan ("Grize Wolf") | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 septimber 1828 | |
berteplak | Taylorsville (Ohio) | |
stoarn | 21 maart 1890 | |
stjerplak | Chicago (Illinois) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1852 – 1890 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | generaal-majoar (1864-66 & sûnt 1886) | |
befel | 36e Frijw. Ynf. rezjimint f. Ohio Difyzje f.d. Kanawha Dep f. West-Firginia Dep. f.d. Kolumbia Dep. fan Arizona Dep. f.d. Platte Dep. f.i. Westen Difyzje f.d. Missoury | |
konflikt(en) | Pittrivierekspedysje Amerikaanske Boargeroarloch Noardlike Pajût-Oarloch Javapai-Oarloggen Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Oarloch fan Geronimo | |
treffen(s) | Slach by South Mountain Slach by Antietam Slach by Hoover's Gap Slach by Chickamauga Slach by Opequon Slach by Cedar Creek Slach by Five Forks Slach by Sailer's Creek Slach by Appomattox Slach oan de Owyhee Slach by Steens Mountain Slach by Infernal Caverns Slach by Salt River Canyon Slach by Turret Peak Slach by Prairie Dog Creek Slach oan de Rosebud Slach by Slim Buttes |