Kolumbia (rivier)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De rivier de Kolumbia (Ingelsk: Columbia River, Frânsk: fleuve Columbia) is in rivier yn Britsk-Kolumbia, Kanada en it noardwesten fan 'e Feriene Steaten. It hat in lingtme fan 2040 km en in streamgebiet fan 668.000 km². It is nei de Mississippi, yn folume de grutste rivier yn Noard-Amearika en hat de grutste ôffier yn de Grutte Oseaan fan it Westlik healrûn. Troch it grutte folume wetter hat de rivier de bynamme The Mighty Columbia, de Machtige Kolumbia. De rivier is in wichtige boarne fan wetterkrêft yn Noard-Amearika, mei de 14 keardamen, dêr't de Grand Coulee Daam de wichtichste fan is. Ek bewettering fanút de rivier wurdt hjirmei mooglik makke.