Douglas A-20 Havoc
From Wikipedia, the free encyclopedia
De DB-7/A-20 (NAFO-koadenamme: Box) wie in Amerikaansk fleantúch. It fleantúch mei twa motors waard ynset as bommesmiter, oanfalsjager en nachtjager. De DB-7 waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch in oantal alliearde naasjes brûkt. De bommesmiter wie by de RAF bekend as de Boston en de nachtjagerfariant waard Havoc neamd. It United States Army Air Corps (USAAC) joech de DB-7 it skaaimerk 'A -20' en de bynamme Havoc (Frysk: 'Ravaazje'). De útsûndering wie de Royal Australian Air Force, dy 't de namme Boston brûkte foar alle farianten. [1]
Fluch de feiten
Douglas DB-7 Boston/A-20 Havoc | ||
algemiene ynformaasje | ||
rol | Middelswiere bommesmiter, nachtjager | |
lân f. oarspr. | Feriene Steaten | |
makker | Douglas Aircraft Company | |
ûntwerper | Ed Heinemann | |
gebrûk | ||
earste flecht | 23 jannewaris 1939 | |
yn tsjinst | 10 jannewaris 1941 | |
út tsjinst | (USAF) 1949 | |
tal makke | 7.478 (1939–1944) | |
brûkers | Sovjet loftmacht Royal Air Force Frânske loftmacht | |
grutste brûker | United States Army Air Forces | |
Trochûntwikkelig | Douglas DC-5 |
Slute