Comomar
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Comomar (Italjaansk: Lago di Como, útspr.: [ˈlaːɡo di ˈkɔːmo], likernôch: "laa-goo dy kô-moo"; Westlombardysk: Lagh de Còmm, útspr.: [ˈlɑː‿dːe ˈkɔm], likernôch: "laa dee kòm") is in mar yn it Italjaanske part fan 'e súdlike Alpen, dy't in aparte foarm hat, as in Y, mar dan ûnderstboppest. Nei de Gardamar en it Lago Maggiore is it de grutste mar fan it lân. It is ek de op fjouwer nei djipste mar fan Jeropa en de alderdjipste Jeropeeske mar bûten Noarwegen. Al yn 'e Romeinske Tiid wie de Comomar in plak dêr't aristokraten harren weromloeken út 'e drokte fan 'e stêd. Tsjintwurdich is de mar in populêre toeristyske bestimming. Oan 'e iggen binne in soad lúkse filla's boud en in protte rike en ferneamde lju wenje dêr of hawwe der wenne. Yn 2014 waard de Comomar troch ynternetkrante The Huffington Post útroppen ta de moaiste mar fan 'e wrâld.
Comomar Lago di Como Lagh de Còmm | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | súdlike Alpen | |
lân | Itaalje | |
regio | Lombardije | |
koördinaten | 46°00′N 9°16′″E | |
sifers | ||
maks. lingte | 46 km | |
maks. breedte | 4,5 km | |
oerflak | 146 km² | |
djiptegemiddelde | 154 m | |
djipste punt | 425 m | |
wetterfolume | 22,5 km³ | |
kaart | ||
Lokaasje fan 'e Comomar yn Itaalje.
|