Britten (histoarysk folk)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Britten (ek wol Brythons of Britsken) wie it Keltysk folk dat Grut Brittanje fan de izertiid oant de Iere Midsiuwen kultuereel behearske.[1] Sy praten fariant fan it Keltysk dat Britsk of Brytonysk neamd wurdt. Sy bewennen Brittanje rûchwei besuden de Firth of Forth; nei de 5e iuw migrearren de Britten ek nei it fêstelân fan Europa, dêr't hja har' festigen yn Bretanje yn Frankryk en yn Britoanje, in frijwat fage oantsjutting foar in krite yn wat no Galysje yn Spanje is. Har ferhâlding ta de Pikten benoarden de Forth hat in soad oer te dwaan west, alhoewol't de measte gelearden it der no oer iens binne dat de Piktyske taal fan dy tiid in Brytonyske taal wie, besibbe oan it Britsk, mar der wol fan te ûnderskieden.[2]
It ierste bewiis foar it bestean fan de Britten en har taal yn histoaryske boarnen giet werom op de Izertiid. Nei de Romeinske oermastering fan Brittanje yn 43, kaam der in Romeinsk-Britske kultuer op. Doe't de Angelsaksen yn de 5e iuw har yn Brittanje festigen, rekke de kultuer en de taal fan de Britten lykwols fersplintere. Tsjin de 11e iuw wienen der ûnderskate Britske befolkingsgroepen ûntstien. Fan doe ôf oan wurdt der spruten fan it Welske folk, it Kornyske folk, de Bretonen en it folk fan de Hen Ogledd ("Alde Noarden"). De Britske taal ûntjoech him yn it Welsk, Kornysk, Bretonsk en Kumbrysk.