Bjørnstjerne Bjørnson
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bjørnstjerne Bjørnson (Kvikne (Tynset, Hedmark), 8 desimber 1832 – Parys, 26 april 1910) wie in Noarske skriuwer, sjoernalist en politikus. Yn 1903 ûntfong Bjørnson de Nobelpriis foar de Literatuer. Hy is ek de auteur fan de tekst fan it Noarske folksliet Ja, vi elsker dette landet. Mei Henrik Ibsen, Jonas Lie en Alexander Kielland wurdt er rekkene ta de Grutte Fjouwer fan de Noarske letterkunde.
Yn 1857 publisearre Bjørnson Synnøve Solbakken, de earste fan syn boereromans. Yn 1858 waard dy folge troch Arne, yn 1860 troch En glad Gut ('In blide jonge'), en yn 1868 troch Fiskerjenten ('It fiskersfanke'). Dat binne de wichtichste fertsjintwurdigers fan syn boereferhalen, de bonde-fortellinger.[1]