Beverwyk
From Wikipedia, the free encyclopedia
Beverwyk[1] (Nederlânsk en offisjeel: Beverwijk) is in stêd en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. As stêd krige Beverwyk yn 1298 stedsrjochten, in barren dat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. De gemeente hat 40.182 ynwenners (31 maart 2015) en beslacht in oerflak fan 19,60 km². De gemeente Beverwyk makket diel út fan it gearwurkingsferbûn IJmond.
Mear ynformaasje Gemeente Beverwyk (Flagge fan Beverwyk) (Wapen fan Beverwyk) ...
Gemeente Beverwyk
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Noard-Hollân | ||||||
Boargemaster | Freek Ossel (PvdA) | ||||||
Haadplak | Beverwyk | ||||||
Oerflak - wetter |
20,09 km² - 1,75 km² | ||||||
Ynwenners | 40.182 | ||||||
Ferkearsieren | A9, A22, N197, N246 | ||||||
Netnûmer | 0251 | ||||||
Postkoades | 1940-1949 | ||||||
Offisjeel webstee | www.beverwijk.nl |
Slute
Beverwyk leit yn it súdwesten fan Noard-Hollân, sa'n 20 kilometer benoardwesten Amsterdam en sa'n 15 kilometer benoarden Haarlim. De gemeente grinzget yn it westen oan 'e Noardsee.