Baskysk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Baskysk is ien fan de net-Yndo-Jeropeeske talen fan Jeropa. De taal wurdt sprutsen yn Baskenlân, it Spaansk-Frânske grinsgebiet oan de westkust, en troch emigranten út it gebiet op oare plakken yn de wrâld. Baskysk is de memmetaal fan likernôch 665.700 minsken, wat delkomt op likernôch tweintich prosint fan de befolking yn Baskenlân.[1] It totale tal minsken dat it Baskysk aktyf of passyf machtich is, leit om en de by de 1.063.700 minsken.
Fluch de feiten
Baskysk | ||
algemien | ||
eigen namme | Euskara | |
lânseigen yn | Spanje, Frankryk, yn de regio's fan Baskenlân en Navarre | |
tal sprekkers | 1.063.700 (memmetaal foar likernôch 665.700 minsken) | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Isolaat | |
dialekten | West-Baskysk, Midden-Baskysk, Navarreesk, Navarro-Labourdijnsk, Souletijnsk en East-Navarreesk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Offisjeel yn Baskenlân en Navarre | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | eu | |
ISO 639-2 | eus (T) baq (B) | |
ISO 639-3 | eus |
Slute