Attila de Hun
From Wikipedia, the free encyclopedia
Attila, Goatysk foar heity, (sa. 406 – Hongarije maart 453) wie kening fan de Hunnen. Hy hearske oer East- en Midden-Jeropa yn it tiidrek 441–452 en hâlde grutte rôftochten. It West-Romeinske Ryk kaam benammen troch syn ferskinen yn in spiraal nei ûnderen telâne. De persoan Attila hat de ynspiraasje west foar de figuer Etzel yn it midsiuwske Nibelungenliet en de Thidrekssaga en foar Atli yn de Völsunga saga. Hy hie de bynamme Gisel Gods omdat elkenien grutte eangst foar him hie.