Goatysk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Goatysk is in útstoarne East-Germaanske taal, de ienige taal út dizze tûke dêr't in protte oer bekend is. De 4e-iuwske Goatyske Bibeloersetting fan biskop Wulfila is it earste oerlevere literêre wurk yn in Germaanske taal en dêrom fan grut belang foar de taalwittenskip. Mei û.o. fjouwer of fiif nammefallen, in dualis en in syntetyske ûndergeande foarm lit it Goatysk in grut tal argayske skaaimerken sjen.
Goatysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | n.f.t. | |
eigen namme | *Gutisko Razda | |
lânseigen yn | n.f.t. (útstoarn yn de 16e iuw) | |
tal sprekkers | gjin | |
skrift | n.f.t. | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Eastgermaansk - Goatysk | |
dialekten | gjin | |
taalstatus | ||
offisjele status | n.f.t. | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | - | |
ISO 639-2 | got | |
ISO 639-3 | - |
It Goatysk waard sprutsen troch it folk de Goaten en fersprate harren nei de 3e iuw fanút it gebiet te noarden fan de Swarte See nei Itaalje, Frankryk en Spanje, mar soe nei de fal fan it Ostrogoatyske ryk yn de 6e iuw en it Fisigoatyske ryk yn de 8e iuw útstjerre. Op de Krim bleau in fariant fan it Goatysk, it Krimgoatysk, yn elts gefal oant de 16e iuw bestean.