Albatros D.I
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Albatros D.I (fabryksoantsjutting L15) wie in Dútsk jachtfleantúch út de Earste Wrâldoarloch en de earste iensitter mei in brûkber dûbeld masinegewear. It tastel tsjinne mar in koart skoft. It wie de earste fan de Albatros D types wêr't de measte Dútske en Eastenrykske jachtienheden (Jagdstaffeln) yn de lêste twa jier fan de oarloch mei útrist wiene.
Mear ynformaasje Rol, Untwerper ...
Albatros D.I | |
---|---|
Rol | Jachtfleantúch |
Untwerper | Robert Thelen |
Earste flecht | Juny 1916 |
Yn tsjinst | Septimber 1916 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 62 (july - septimber 1916) |
Brûkers | Dútslân, Eastenryk |
Slute
Sa'n fyftich D.I's ferfongen yn novimber 1916 de eardere Fokker- en Halberstadt D types. Dêrnei waarden gjin D.I's mear makke. Der kaam in ferzje mei minder romte tusken de boppe en ûnderfleugel dy't de fleander mear sicht joech, de fierder gelikense Albatros D.II.[1]