Yorkshire
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yorkshire is in histoaryske greefskip fan Ingelân. It kaam fuort út it Deenske Keninkryk Jórvik, dat bestie yn 'e twadde helte fan 'e 9e en de earste helte fan 'e 10e iuw. Nei de ferovering fan it gebiet troch de Ingelsen, yn 954, waard it in greefskip fan it Keninkryk Ingelân. Dy status behold Yorkshire oant it yn 1974 opdield waard yn fjouwer ûnderskate nije greefskippen. Der wenje sa'n 5 miljoen minsken yn it greefskip dat nei oerflak fierwei it grutste fan Ingelân wie. It grutste part fan it oarspronklike Yorkshire falt ûnder it hjoeddeistige greefskip Noard-Yorkshire en leit binnen de grinzen fan 'e Ingelsk regio Yorkshire en de Humber.
Fluch de feiten
Yorkshire | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Yorkshire en de Humber. | |
Status | Tradisjoneel greefskip | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.978.484 (1991) | |
Oerflak | *14.850 km²(1831) *15.718 km²(1901) *11.903 km²(sûnt 1991) | |
Befolkingsticht. | 334,24 / km² |
Slute