XBIZ
From Wikipedia, the free encyclopedia
XBIZ, ek skreaun as Xbiz (útspr.: ['ɛkzbɪz], likernôch: "eks-biz"), is in Amerikaanske útjouwerij fan nijs en sake-ynformaasje oer de Amerikaanske pornoyndustry. De namme ferwiist dêr ek nei: de x stiet foar "pornografy" en biz is in ôfkoarting fan it Ingelske wurd business, "saken". It wichtichste ûnderdiel fan XBIZ is de webside Xbiz.com. Dêrnjonken publisearret it bedriuw twa papierrene fakblêden dy't ienris yn 'e moanne útkomme, organisearret it twa kear yn 't jier (yn 'e simmer en by 't winter) in fakbeurs, en fasilitearret it gearwurking en it lizzen fan nije kontakten yn 'e pornoyndustry troch in business-to-business-beropsnetwurktsjinst. XBIZ is de hannelsnamme fan Adnet Media, in bedriuw dat yn 1998 oprjochte waard troch Alec Helmy, in kenner fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.
XBIZ | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | media foar de pornoyndustry | |
haadkertier | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1998 | |
oprjochter | Alec Helmy | |
mem | Adnet Media | |
offisjele webside | ||
www.xbiz.com |