Wâldfrysk
Frysk dialekt / From Wikipedia, the free encyclopedia
It Wâldfrysk is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn 'e Wâlden, it eastlike part fan 'e provinsje Fryslân, rûchwei tusken Dokkum yn it noarden, Ljouwert, de Alde Feanen en It Hearrenfean yn it westen en de Stellingwerven yn it suden. Yn it easten wurdt it begrinzge troch de provinsjegrins mei Grinslân en Drinte, útsein tusken Surhústerfean en Fryske Peallen, want dêr rint it Wâldfryske taalgebiet troch yn 'e provinsje Grinslân, yn 'e trijehoeke tusken de doarpen Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein.
Fluch de feiten
Wâldfrysk | ||
algemien | ||
eigen namme | Wâldfrysk, Woodfrysk | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 157.000 (2004, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Wâldfrysk | |
dialekten | Westereindersk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal | gjint |
Slute