Wilhelm Bleek
From Wikipedia, the free encyclopedia
Wilhelm Heinrich Immanuel Bleek (Berlyn, 8 maart 1827 – Kaapstêd, 17 augustus 1875) wie in Dútsk taalkundige. Hy wurdt it meast tebinnenbrocht troch syn wurk A Comparative Grammar of South African Languages en it grutte projekt yn 'e mande mei syn skoansuster Lucy Lloyd (1834-1914) : de stúdzje fan de ǀxam taal en !kun, lânseigen talen fan Súd Afrika. Hy wie troud mei Jemima Lloyd.
Wilhelm Bleek, soan fan in teolooch, studearre fan 1845 oant 1848 teology yn Bonn, mar gie doe nei Berlyn om Hebriuwsk te learen. Hy wie in learling fan Karl Richard Lepsius. Syn dissertaasje fan 1851 gie oer nominaalklassen. 1853 gie er as taalûndersiker nei Súd Afrika. Dêr die er fergelykjend taalûndersyk nei Bantû- en Koisan talen. Hy skreau ûnder oaren in grammatika foar de Sûlûtaal en in analise fan de mominaalklassen yn de ferskate Bantûtalen.
Bleek stoar oan tuberkuloaze yn de âldens fan 48 jier. Hy kaam te hôf yn Wynberch, Kaapstêd, dêr't twa fan syn earder stoarne bern al leine.
Bleek syn stúdzje fan de |Xam-taal en -literatuer waard fuortset troch Lucy Lloyd, mei stipe fan syn frou Jemima en syn dochter Dorothea († 1948).