Westoverledingen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Westoverledingen is in gemeente yn de lânkring Lier yn East-Fryslân, yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen. Hy foarmet it westlike part fan de âlde Fryske goa Oerledingerlân, en wurdt yn it noarden en westen troch rivieren begrinzge. Yn it westen mei de Iems mei 18 km lang, yn it noarden oan de Leda. De gemeente leit tusken de distriktshaadstêd Lier en de stêd Papenburch yn de oanswettende lânkring Iemslân. It haadplak is Ihrhove.
Westoverledingen | |
---|---|
Mûne yn Mitling-Mark | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Leechsaksen |
Distrikt | Lier |
Sifers | |
Ynwennertal | 21.423 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 112,1 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 191 / km² |
Hichte | -1 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.westoverledingen.de |
Mei 21.423 ynwenners is Westoverledingen de sângrutte gemeente yn Eastfryslân. De ynwenners binne ferspraat oer likernôch 112 km². De gemeente waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen yn 1973 foarme. Sûnt dy weryndieling woeks it ynwennertal mei likernôch 5000 ynwenners.
Ekonomysk sjoen is de lânbou, en benammen de melkfeehâlderij de wichtichste rol yn de gemeente. Ek it toerisme spilet in rol. De gemeente is in forinzegemeente fan de oanbuorjende stêden Lier en Papenburch.
Ta de kulturele erfenis hearre fiif romaanske en ien goatyske tsjerke. De âldste binne de tsjerke fan Esklum en de grifformearde tsjerke fan Ihrhove út it midden fan de trettjinde iuw. Boppedat binne der twa histoaryske mûnen en in stikmannich histoaryske hûzen, wêrfan allegear Eastfryske pleatsen.