West-Frânsje
From Wikipedia, the free encyclopedia
West-Frânsje, it Westfrankyske Ryk of it West-Frankenlân (Latyn: Francia Occidentalis) of it Keninkryk fan de Westfranken (Latyn: regnum Francorum occidentalium) wie in eardere Jeropeeske steat. It ûntstie yn 843, doe't by it ferdrach fan Ferdun it Karolingyske Ryk, dat hearske waard troch Germaanske Franken, yn sawat trije likense parten ferdield waard oer de trije soannen fan kening Loadewyk de Fromme. Karel de Keale waard de earste kening fan it westlike part. It keninkryk West-Frânsje leit oan de grûnslach fan it Frânske keninkryk dat oant de Frânske Revolúsje bestie en dêr't it moderne lân Frankryk út fuortkommen is.
Keninkryk fan de Westfranken Francia occidentalis | |
---|---|
0843-987 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Parys |
offisjele taal | Galloromaansk Latyn |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | Frankyske Ryk |
opgien yn | Keninkryk Frankryk |
no diel fan | • Belgje • Frankryk • Spanje |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Denier |
West-Frânsje rûn fierder nei it suden ta as it hjoeddeiske Frankryk, mar it rûn net sa fier nei it easten ta as hjoed-de-dei. By West-Frânsje hearden net de lettere Frânske gebiten lykas Loataringen, Boergonje, de Elzas en de Provâns yn it easten en súdeasten. Lykwols yn de tsiende iuw waard de macht fan de keningen yn it Westfrankyske keninkryk beheind en krigen pleatslike lienmannen en hearskers mear macht. Yn dy snuorje fûnen der in soad tsierderijen plak tusken de pleatslike hearskers, dy't in soad autonomy krigen, mei of tsjin de kroan en gauris mei stipe fan bûtelânske ynfallen. Normandje waard bygelyks yn lien jûn oan Wytsingen ûnder Rollo, earst as greefskip en letter as hartochdom, as betingst dat hja it keninkryk ferdigenje soene tsjin ynfallen fan harren eigen folk. Yn Brittanje en Kataloanje hie de macht fan de Westfrankyske kening hast gjin effekt. De Westfrankyske keningen waarden keazen troch sekulêre en tsjerklike lju dy't in soad ynfloed hiene. Yn it tiidrek tusken 888 en 936 waarden keningen keazen, dy't of fan it Karolingyske of fan it Robertynske Hûs wiene. Yn dy tiid waard de macht fan de kening hieltyd swakker en dy fan de pleatslike hartoggen en eallju waarden machtiger yn harren gebieten dy't sa goed as ûnôfhinklik waarden. De Robertinen, nei't dy greven fan Parys en hartoggen fan Frankryk waarden, waarden sels keningen en stiften yn 987 it Hûs fan de Kapetingers. Dy snuorje wurdt sjoen as it stadichoan úteinsetten fan it Keninkryk Frankryk.