Weiler (Boppard)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Weiler is ien fan de tsien Ortsbezirken fan de gemeente Boppard yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit boppe it Ortsbezirk Bad Salzig op in hichte fan likernôch 235 meter boppe de seespegel. By Weiler heart ek it loftkuerplakje Fleckertshöhe, dêr't it heechste punt fan de gemeente Boppard metten wurdt. Oant de gearfoeging fan Weiler by de nij foarme gemeente Boppard op 31 desimber 1975 wie Weiler in selsstannige gemeente.
Fluch de feiten
Weiler | ||
De Pitertsjerke fan Weiler | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Rynlân-Palts | |
Landkreis | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Stedsyndieling | Boppard | |
Sifers | ||
Befolkingsticht. | 739 (2020) | |
Hichte | 152 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56154 | |
Koördinaten | 50° 11'N 7° 37'E | |
Kaart | ||
Slute
It doarp Weiler waard yn in oarkonde fan de kening Konrad oan it Ursulakleaster yn Keulen foar it earst ûnder de namme Wilre neamd.