Warren G. Harding
From Wikipedia, the free encyclopedia
Warren Gamaliel Harding (Marion (Ohio), 2 novimber 1865 – San Francisco (Kalifornje), 2 augustus 1923) wie de 29ste Presidint fan de Feriene Steaten.
Yn 1915 waard Harding senator en yn 1920 waard er, as de Republikeinsk gadingmakker, ta 29ste presidint keazen.
Harding syn amtsperioade waard berucht troch de swiere korrupsje, en oare skandalen, dy't oant yn de heechste regearrûnten foarkaam. Dêrneist wie Harding, krekt as syn opfolger, in oertsjûge republikein dy't fan betinken wie dat de oerheid sa min mooglik yngripe moast yn de ekonomy.
Harding krige op in reis troch Amearika in oerhaal en stoar mei 57 jier yn San Francisco foardat syn earste amtsperioade ôfrûn wie. Hy waard opfolge troch syn ficepresidint Calvin Coolidge.
At er net foar de tiid stoarn wie, dan hie de Senaat in impeachment-proseduere tsjin him begûn.