Vancouvereilân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Vancouvereilân (Ingelsk: Vancouver Island; Frânsk: Île de Vancouver) is in grut eilân foar de kust fan westlik Noard-Amearika, dat ta de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia heart. It is it grutste eilân yn 'e Stille Oseaan eastlik fan Nij-Seelân. Oarspronklik hiet it fan Quadra and Vancouver Island, nei twa ûnderskate achttjinde-iuwske ûntdekkingsreizgers, de Spanjert Juan Francisco de la Bodega y Quadra en Brit George Vancouver, mar de namme waard úteinlik ynkoarte ta Vancouver Island. It klimaat fan it eilân is it myldste fan Kanada, en sels yn jannewaris is it der hast altyd boppe it friespunt, sels nachts.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Vancouvereilân Vancouver Island | |
---|---|
flagge | wapen |
(ûnoffisjele flagge) | |
gjin offisjeel biedwurd | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | n.f.t. |
lân | Kanada |
status (jier) | regio fan Britsk-Kolumbia (1866) |
haadstêd | Victoria |
grutste stêd | Victoria |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 759.366 (2011) |
befolkingstichtens | 23,9 / km² |
oerflak | 32.100 km² (wêrfan 31.285 km² lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -8 |
webside | (gjin offisjele webside) |
Slute